Foarlêze yn it Frysk oan pjutten

DFM

Goed 600 foarlêzers sille fan 4 oante mei 8 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Tomke en syn freontsjes’.

De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep. Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn De Fryske Marren. Boargemaster Veenstra lêst foar op tongersdei 7 juny om 10.00 oere op pjutteboartersplak Pjuttewille yn Aldemardum.