Dammen | De Jouwer - Tersoal

DE JOUWER - De striid yn ’t Syl enige yn Jouster foardiel. Dat levere De Jouwer in kreas twadde plak op yn de SWHkompetysje mei noch de striid tsjin Offenwier te goede.

De earste winst wie foar Jelke de Jong dy’t in mear-skiif omsette yn winst en der sa 3-1 op’t boerd stie nei de 1-1 fan Oeds de Boer tsjin M.Osinga. Atte Boek pakte goed út en oan yn it einspul: ferraske H.Boersma en sa 5-1.

Bonne Post tsjin Joh.Buma: fan wjerskanten in lykspul wegere mar Bonne lake as lêste want hy pakte de winst op de trik-trak-lijnen: 7-1. Jan Kooistra tsjin C.van Bavel: sy dielden de punten nei in moaie striid. De 8-2 betsjutte de heale winst mar dat waard de hiele winst foar De Jouwer want Henk Haagsma pakte ien punt tsjin A.Hoekstra (9-3) en Quido van Hazendonk folge dat foarbyld tsjin Jac.Buma (10-4).

As lêste Wiebren Couperus- Lolke Huitema: nei in misser op legere skoalle nivo hie Wiebren in skiif minder yn it einspul. Dat draaide koarte tiid letter út op ta punten foar Huitema (10-6). Sa stiet De Jouwer mei 6 punten fêst op it twadde plak.

Nijemardum is de kampioen wurden. Hoe ticht de klups byelkoar sitte mei de punten docht bliken út de sifers: Koudum mei 4 punten kin noch degradearje en is ôfhinklik fan it risseltaat Offenwier – De Jouwer fan 19 maart.