Recensie | Leave Minsken ‘Yn ien wurd: prachtich’

De Jouwer - It kin ek eins net oars: in tekst fan Maria Goos, yn it Frysk bewurke troch Tryntsje van der Zee (1940 – 2009) en spile troch De Fryske Krite De Jouwer.

Dat binne trije yngrediïnten dy’t boarch stean foar in toanielfoarstelling dy’t nimmen eins misse mei. It stik, hjir en dêr hast filmysk skreaun (bewurke), sil de rezjy – yn hannen fan Tineke Nicolai – nochal wat holbrekken koste ha om it foarm te jaan op it toaniel. It is har tige slagge. It minimalistike dekor, as altyd goed fersoarge, is tige funksjoneel en draacht derta by, dat it stik ta syn rjocht komt.

De dialogen tusken de minsken – de leave minsken – binne spits en boeiend, mar bytiden wol wat lang en sa ‘djipsinnich’ – hielendal passend by de personaazjes dy’t útbylde wurde – , dat se foar de taskôger wolris wat minder maklik te folgjen binne. Spitich wie it dat de fersteanberens fan in pear rappe praters net optimaal wie. Mei de haadpersoanen sille de measten fan ús harren net identifisearje wolle, mar se binne ús wol sympatyk. Knap om dat as skriuwer en spiler oer te bringen. Benammen Ietje (Margje Wierda) is bysûnder oertsjûgjend. Sy en de Sanger (Sjoerd Ybema) bringe yn harren dialooch toaniel fan heech nivo.

De kar foar dit stik – basearre op de telefyzjesearje ‘Lieve Mensen’ -- is in boppeslach fan De Krite. De kwaliteiten fan de spilers krije alle kânsen. It kin hast net oars of de besikers komme ûnder de yndruk fan wat foar it fuotljocht brocht wurdt. Dit is echt in foarstelling om de telefyzje de telefyzje foar te litten.

By de premjêre, ôfrûne sneon, wiene der sa’n 130 oanwêzigen. It stik wurdt noch spile freed 15 en sneon 16 maart, yn ’t Haske, oanfang 20.00 oere.

Sieger Bijsterveld