Jouster damklup degradearret net

De Jouwer - Hoewol der noch mar in Gideonsbende oer is – dat slacht dus op it oantal dielnimmers oan de ûnderlinge kompetysje – en dat lytse ploechje de eare fan de hast 90-jierrige klup heech hâlde mei, is it wer slagge en hanthavenje har yn de heechste groep fan it SWH-bûn.

Der sit foar de Jouster klup noch mar 60% fan de SWH-kompetysje en no al bliuwt de klup boppe de degradaasjestreep en dat is dan in meifaller. De striid tsjin Tersoal op 12 maart hat dan ek net folle mear om’e hakken (hân, as jo dizze krante lêze ) want Tersoal is al wis fan degradaasje at der takomme jier wer seis klups yn de heechste groep sitte sille en der gjin klup it ljocht útblaasd… Hjirdan de fraach: hellet de Jouster klup de kommende winter as spyljende klup? Tersoal telt ek net mear in protte damkompetysjespilers en ferskilt sa net in protte fan de Jouster klup, hoewol De Jouwer mear as tsien kear safolle ynwenners telt as Tersoal en de Jouster klup dan eins ek wol tsien kear safolle damklupleden ha moast as Tersoal. As fansels wol de klup de moedfearren net hingje litte en sil der ek tsjin Tersoal wer mei in hundertpersint ynset spile wurde. It risseltaat stiet dan ek al fêst op de dei dat de krante by jo op de matte leit: ‘Je maintiendrai’ om mei in moai Frysk wurd te einigjen..

Wiebren Couperus