Fryske Krite spilet Leave minsken

De Jouwer - Foar de twadde kear dit toanielseizoen fersoarget Fryske Krite De Jouwer in rige toanieljûnen yn it Haske.

Ofrûne novimber is de komyske skriller Fêstrûn spile en omdat it publyk yn in enkête oanjûn hat dat it graach stikken fan ferskillende sjenres sjen wol, is der dizze kear keazen foar in tragykomeedzje. Leave minsken spilet him ôf yn in flat. It giet oer Dree dy’t in heal jier fan de drank ôf is en syn Ietje, in eks heroïneferslaafde. Twa dakleazen dy’t besykje sille om “normaal” te libjen yn de flat dy’t harren tawiisd is. Mar dat falt net ta. Ietje, dy’t eins allinnich it goede wol, wrakselt mei de opsternate buien fan de eins sa sêfte Dree. It binne helpleaze sielen… Jo binne fan herte wolkom om harren te moetsjen.

Regisseur Tineke Nicolai hat dit ferhaal yn in ienfâldich, mar ferrassend dekôr delset. It stik is in bewurking fan de televyzjesearje “Lieve mensen” fan Maria Goos. It is oerset troch Tryntsje van der Zee.

Leave minsken is te sjen op sneon 9, snein 10, freed 15 en sneon 16 maart. Kaarten binne te bestellen fia www.fryskekrite.nl en foar de foarstelling oan de seal. Fansels is der op de sneonen muzyk nei de tiid, de 9de fan “Plus Us” en op de lêste jûn fan The Brothers.