Damwinter foarby op’e Jouwer

De Jouwer - Dat slacht dan op de kompetysje en it maitiidswaar fan febrewaris. Der waard noch spile ôfrûne tiisdei en foar it SWH-bûn moat der noch spile wurde tsjin Offenwier en Tersoal.

De lêste trije potten damjen foar de ûnderlinge kompetysje: Atte Boek tsjin Jelke de Jong. Jelke spile dat it in mirakel wie, mienden wy. Of bakte Atte der neat fan? Dúdlik wie dat Jelke der stikken better foar stie. It kaam ta in einspul fan seis tsjin trije – in oermacht fan Jelke – mar it draaide dochs noch út op in puntedieling. De wûnders de wrâld dochs noch net út! Wiebren Couperus tsjin Jan Kooistra: Jan begie yn it middenspul in misser en Wiebren hie in winnende slach slaan kind mar hy seach it oer de kop. Sa as wol faker nei in misser: in nije winstkâns leit dan faaks oan de oare kant. Wiebren kaam yn’t nau en moast in skiif ynleverje en Jan hie de kâns om in fjouwer-tsjin-trije-einspul te winnen mar krekt as earder: dizze kear seach Jan it net. Lang-om-let in hielkrap lykspul foar Wiebren. Henk Haagsma mocht it noch in kear opnimme tsjin Quido van Hazendonk: nei in foar omsteanners in moaie pot damjen kaam de in moai einspul op it boerd wêr’t foar beide striders ien punt as beleaning oerbleau.

Einstân: Van Hazendonk 14-24. Couperus 12-17. Haagsma 16-18. Kooistra 16-16. Boek 16-16. De Jong 11-5. De Boer 11-0. Fraach: wurdt der wer kompetysjespile yn 2019-2020? Nije leden binne wolkom.