Ingezonden brief | FNP bedankt

Fan de opposysje, yn de gemeenterie fan de Fryske Marren, in oprjocht bedankt oan de FNP om’t sy ek ynsjoen ha dat de sânwinning net troch gean mei en dan binne der in pear dagen letter fan dy selde opposysje in pear partijen.

PvdA, Grien links en D66, dy’t it net op bringe kinne om dy selde FNP te stypjen troch tsjin in moasje fan wantrouwen te stemmen. Mar dat sil dan wol wêze om’t sy mei it CDA en VVD yn’t plús sitte wolle. Sy binne seker nei sa’n twa wiken al fergetten wat harren troch it CDA om de earen smiten is yn it slotpetear op 13 febrewaris. Ik sil it politike spulstje wol net snappe, mar der binne sa steeds minder minsken wer at ik betrouwen yn hâld.

 

Rommert vd Veen, Aldemardum.