Heechsteand fuotbal by 24e Nokkerbjentsje toernoai

Aldehaske - It wie sneon 23 febrewaris alwer de 24e kear dat it Nokkerbjentsje Sealfuotbaltoernoai spile waard.

Yn de seal fan it Kulturhûs yn Aldehaske striden 25 mannen en froulju ferdield oer 5 teams foar de prizen. Dit alles ûnder lieding fan Mindert Mulder en Alex Hoks. Striidend foar de ivige ear wie it in sportive en moaie jûn, wêr't de ballen sawol tusken as achter de peallen en yn en troch it net gongen. Ta eintsje beslút wie der dochs in terjochte kampioen: team 4 hat alle wedstriden wûn. Mei grutte tank oan de sponsors Hoks Bouw, Decokay en teammanager Mindert Mulder waarden de prizen oan it ein fan de jûn útrikt troch Tjibbe Bos.

It Sulveren Nokkerbjentsje gong dit jier nei Wyanne Wind fanwege har prachtige hattrick. De spiler mei de measte goals wie Richard Akkerman. Selma Mulder kegele ien fan de swierste spilers fan it toernoai mei gemak omfier en wûn dêrmei de Sulveren Seage. De priis foar Oanstoarmjend talint gong dit jier nei Lisa Oenema. It meast grutsk wie dochs wol Lieuwe Huttinga (de man mei de goal oan de ferkearde kant fan de peal; "dy syd-net!") dy't De Sulveren Hammer krige útrikt foar syn meidogenlease ynset en ûnomstreden goals.

Al mei al wer in tige slagge jûn mei heechsteand mar fral ek in sportive pot fuotbal. Oar jier sil it toernoai ein jannewaris op 'e nij plakfine foar de 25e kear.