Dam-earmoede troef

DE JOUWER - In hiel lyts groepke bliuwt der oer as ien fan de dammers weibliuwt fan de wyklikse damjûn yn’t Syl.

Sa kaam De Boer net opdaagjen en koe Couperus allinne 19 fytskilometers byskriuwe en betiid nei de frou ta en gjin punten te boek sette litte. Oars wie dat foar Quido van Hazendonk: in heech tempo wat setten oanbelange yn de partij tsjin Jan Kooistra en it duorre net hiel lang of Jan kaam yn swier waar. Yn de twadde helte drukte Quido troch en Jan kaam as ienichste dizze jûn as ferliezer oer de streep. Atte Boek tsjin Henk Haagsma: troch de nijste taktyk fan Atte kaam Henk yn swier waar. Oars as at wy went wiene, liet Atte gjin fiif mar salang mooglik tsien fan syn tweintich skiven op de efterste twa linen stean. Henk krige it dreech en Atte twa dammen op it boerd. Dan keallet it swier foar de tsjinpartij. It slagge Henk om it tal dammen wer yn balâns te bringen: ien fan dy twa fan Atte opromje en hysels ek ien der tsjinoer. It die bliken dat dat Henks gouden greep wie om der noch in punt oan oer te hâlden.

Sa ha wy no in middenmoat mei èn Henk èn Atte èn Jan op 15 punten – wylst Henk ien spul minder spile hat – en Wiebren Couperus der krekt boppe op 16 punten en fier dêr boppe Quido van Hazendonk mei 13-23: baas boppe Aas en net te berinnen!

Wiebren Couperus