Recensie | Eigen Folk spilet Turkske Massaazje

DE JOUWER - Toanielgroep Eigen Folk spile op 9 februari de jierlikse toanieljûn in ’t Haske.

It fryske blijspel, Turkske Massaazje, waard skitterjend útfierd. Lutske (Gea Miedema) hat foar har en har freon Berend Wotte (Reitse Geert Strien) in keamer besprutsen yn kueroarde mei Turks bad. Har heit, Gerlof Zandstra (Jaap Jager), hat om by te kommen fan syn wurksumlibben ek yn wykein kueren boekt! It is een grutte skok foar Lutske at se fernimt dat heit op itselde adres kuert. Ek Sibrich(Sjoerdsje Miedema), de sekretaresse fan Zandstra is oanwêzich, sy is fan doel har baas te fersieren. Lokkich komt Marije(José van Zutphen), de frou fan Zandstra, oanwippen op it stuit dat Gerlof troch fersin heal neaken op e keamer fan syn sekretaresse is. De ienige dy’t de ploaien in bytsje glêd strike kin, is de manager menhear Palsma(Heiko Sterenborg).

It wie in tige slagge jûn mei muzyk fan The Brothers.

Marthilda Nijholt