Tredde helte op’e Jousterdamklup

DE JOUWER - De dûbele kompetysje sit der foar de measten hast op en der is in begjin makke mei de tredde helte; net dat it op in sûpen útdraaie sil mar it is gewoan de tredde kear dat der tsjinelkoar damme wurde sil.

Quido van Hazendonk makke de twadde omloop fol mei in winstpartij tsjin Jelke de Jong en komt op in skoare fan 12-21 en hat in bêste fundearring lein foar it earste plak oan de ein fan de hiele kompetysje. Jelke hat wolris better draaid mei damjen. Jan Kooistra tsjin Henk Haagsma yn de tredde omloop: lykas de earste twa kearen slagge net ien fan dizze beide spilers der yn om de winst der út te heljen. Jan bliuwt Henk ien punt foar mar hat ek ien potdamjen mear spile. Oeds de Boer tsjin Atte Boek: ek yn de tredde omloop slagge it Oeds net en win fan Atte want Atte helle beide punten nei himsels ta en bringt syn skoare en punten yn balâns (14-14).

De klup wachtet earstdeis noch de striid tsjin en yn Offenwier yn’t SWH-bûn mar der is noch gjin datum ôfsprutsen. Dêrnei komme de dammers fan Tersoal noch yn’t Syl op’e Jouwer. De Jouwer hat oan ien kear winst genôch om yn de heechste klasse te bliuwen. Dan mar hoopje dat de klup oer in jier ek noch dammet… as 90-plusser.