Jousterdamjen: Dizze kear net wûn

DE JOUWER - Sa kin it gean: Dizze kear net wûn, sei Oeds. As men dan wit wa de tsjinstanner wie, is de útspraak gjin ferrasking.

Oeds de Boer krige tsjin Quido van Hazendonk gjin poat oan de grûn om te winnen; mar wol de fjouwer fan syn stoel en twa fan syn eigen mar dat wie net genôch foar dan ek mar ien punt dy’t oan in lykspul keppele is. Dan Atte Boek tsjin Jan Kooistra: langetiid lyk yn tal skiven mar Jan krekt in lytsbytsje mear mânsk yn’t fjild. Dat lytse bytsje sette Atte oan’t neitinken en dat gie safier dat hy klok en tiid fergeat en sels fergeat te setten: de flage foel en it spul is út. Jan wint ‘’op’e klok’’ en lit Atte efter him op de ranglist: 14 tsjin 12 punten út 13 partijen damjen. Jelke de Jong tsjin Wiebren Couperus: ek hjir likefolle skiven op’t boerd mar Jelkes skiven sieten wat fêst yn’e hoeke. Doe’t hy fergeat de dûbele hoeke los te meitsjen, krige hy in daam tsjin. Soks betsjut faaks dat der in beslissende set west hat en dat waard Wiebren noch makiliker makke: in dûbele ôfruil en Jelke goaide de handoek yn’e ring.

Om de striid om de punten yn de tredde omloop wat fûler te meitsjen, waard steande jûn besletten om de sânde man op de ranglist yn de tredde omloop twa skiven yn’t foar te jaan. Komt der fêst ûnderoan de ranglist beweging yn’t tal punten.