Westermar Toaniel spilet ‘Lige as in wachter’

DE JOUWER - Westermar Toaniel spilet op 1 en 2 febrewaris yn Party en sealesintrum ’t Haske it toanielstik ‘Lige as in wachter’.

It is in klucht fan Bernd Gombold. De Fryske bewurking is fan Gurbe Dijkstra. De boargemaster fan in lytse gemeente op it plattelân fan Fryslân hat it swier mei syn amt. Hy wurdt sa stadichoan simpel fan twa nije ynwenners dy’t oanienwei kleie oer lûdsoerlêst. Dêrby giet it om in kraaiende hoanne, it lieden fan de tsjerkeklokken en de repetysjes fan de blaaskapel. Yn in besykjen om wat oan dit lûdsoerlêst te dwaan en de nije bewenners wat yn de mjitte te kommen, rint hy tsjin in dreun op ‘e kop oan, dy’t him de lêste fiif jier út it ûnthâld slacht. Dan komt gemeenteboade Syp yn aksje. Leaver lui as wurch, mar mei in net te stopjen fantasije, bringt er op syn Jan boerefluitsjes de saken op oarder. Dat er dêrby net altyd de wierheid seit, makket him neat út, hy hat it der sels leaver om.

Beide jûnen is der in ferlotting mei prizen en yn it skoft en nei ôfrin is der live musyk fan Jawis & + US. De foarstellingen begjinne om 20.00 oere. Kaarten kostje 12,50 euro en binne te keap by Primera Joure, De Merk 3 op ‘e Jouwer.