Anne Sloothaak wint trijebandentoernoai OTK 2019

SINT JÂNSGEA - By it jierlikse trijebandentoernoai fan biljertferiening Op Tiid Krytsje (OTK) fan Sint Jut e.o. is úteinlik Anne Sloothaak de kampioen wurden fan de yn totaal 32 dielnimmers (22 mannen 10 froulju).

Ferdield oer fjouwer goedbesochte jûnen binne freedtejûn 25 jannewaris, fia in ‘knock-out’ systeem, úteinlik 4 spilers oerbleaun: Pieter Venema, Jan de Vries, Anne Sloothaak en Bennie van Hes. Dizze fjouwer spilers ha yn in poule allegear noch in kear tsjin mekoar spile en wienen aardich lyk oan mekoar, wat it tige spannend makke. Uteinlik koe der mar ien spiler mei de haadpriis nei hûs ta gean en dit jier wie dat Anne Sloothaak (twa kear winst). Mei in lyts ferskil yn persintaazje spande it derom, mar it wie Pieter Venema dy't as nûmer twa einige (ien kear winst en remise). Koart dêrachter kaam Jan de Vries (ek ien kear winst en remise) en Bennie van Hes einige as fierde (ien winstpartij en it heechste gemiddelde fan alle dielnimmers). Alle finalisten krigen út hannen fan Albert Huisman, foarsitter fan OTK, in fleispriis útdield dy’t mei mooglik makke is troch Henk en Petra Schippers fan ytkafee Rus’an.

Fan 1 maart ôf wurdt der achter yn de seal fan it kafee op ‘e nij in trijebandentoernoai organisearre. Dit toernoai wurdt al jierrenlang organisearre troch in kommisje besteande út ynwenners en leden fan OTK en dit jier is it tredde lustrum. Yn totaal sille rom 80 dielnimmers op ‘e nij striide om moaie prizen. Eltsenien is fan herte wolkom om dit mei te meitsjen op de Streek 116 yn Sint Jânsgea.

Jochum Meester