Damhout en snie

DE JOUWER - Trije spannende potten damjen en spanning yn de loft. Dûbel-op spanning: twa meter snie en trije potten damjen mei in beslissing?

De twa meter snie foel wat fierder fan hûs en de trije beslissingen kamen ek net dizze wike yn’t Syl. Wat kaam der wol? Twa sentimeter snie en it damjen gie sa ûngefear: Jan Kooistra tsjin Jelke de Jong as earsten oer de streep. Fan beide kanten útsjen en gjin útgliders meitsje: it slagge beide hearen en hâld it op’e been, snie of gjin snie mar wol beide ien punt. Henk Haagsma tsjin Atte Boek: earder dit winterskoft al twa kear in lykspul dat sadwaande sloech Henk in oanbod fan Atte ôf om it wer op 1-1 te hâlden. Trochdamjen levere noch wol in moai einspul op mar dochs krige Atte syn sin: wer 1-1. Wiebren Couperus tsjin Quido van Hazendonk: it gie as in trein de earste oere want der wiene al 20 skiven fan’t boerd nei elk 25 setten. Doe gie de trein minder hurd: snie op it spoar? Quido mei de donkerste skiven naam 60 % fan’t fjild yn besit mar rûn tsjin in muorre – sa wyt as snie – op en krige gjin kâns om in beslissing te bewurkstellingjen. Sa trije kear 1-1 dizze jûn; en wa wurdt de kampioen? It antwurd: deselde as de foarige kear, dat stiet hast fêst op 2/3-diel fan de kompetysje.