Toanielferiening Freonskip spilet Pake moat oan de pil

VEGELINSOORD - De húshâlding fan Evert en Sippy kin it goed dwaan. Heit Evert kin de wielde wol drage, mar mem Sippy rint wol es in eintsje neist de skuon.

Sy nimt yn it gesin in dominante rol yn. Dochter Janine liket op har heit, mar is ek net frij fan de ynfloeden fan mem. Dat de famylje it goed dwaan kin, docht bliken út it feit dat se der in túnman op nei hâlde kinne, Ahmed. Hy is fan Marokkaanske komôf en hat in protte ferstân fan de blomkes en de bijkes. De situaasje feroaret lykwols bot at der in notaris delkomt dy’t melding makket fan in testamint, in testamint mei in soad frjemde betingsten. De heit fan Evert, Pake Gerrit spilet hjir in bysûndere rol yn. Pake is in leafhawwer fan foaral moaie froulju en fan in slokje op ‘e tiid is hy ek net fiis, ek al is hy troch omstannichheden yn in rolstoel bedarre. Foar Ahmed is sa’n ding in sitfyts. Pake is yn goede hannen by syn privee-ferpleechster Karin, in type sûnder blêd foar de mûle. Uteinlik komt de notaris del om it testamint ta útfier te bringen, en dan wurdt der in soad dúdlik.

Spilers

Evert: Stoffel Holtrop, Sippy: Grytsje Hoekman, Janine: Rina Holtrop, Ahmed: Anne de Jong, Pake: Grietzen de Jong, Bert: Kees Hoekman jr., Notaris: Debby van Veen, Karin: Geertje Boersma, Jolanda: Yfke Kamminga, Rezjy: Jolanda Hoekstra, Ynstekker: Tryntsje Hooisma & Kees Hoekman, Ljocht en lûd: Kees Boersma & Geart Hoekman, Grime: Yfke Kamminga & Esther Leenstra, Dekor Marian Monsma, Marika Ponne, Neeke Ponne & Wynzen de Jong.

Tusken it twadde en tredde bedriuw is der skoft mei in ferlotting.

Pake moat oan de pil spilet op freed 1 en sneon 9 febrewaris om 20.00 oere yn de Sethage yn Vegelinsoard. Yntree: € 7,50 p.p., leden: fergees.