Hindrik van der Meer nimt ôfskie fan Joure

DE JOUWER - Sûnt 1965 is de muzykman Hindrik al dwaande mei de fryske taal en nije fryske lieten. Wa kin net it bernelietsje ‘Hup sûpen groattenbrij’ en ‘De bistenboel fan omke Roel’. Hindrik wie dèrbij belutsen. Letter sette hij 15 jier lang literaire busreizen op priemmen, tegearre mei syn frou Beitske.

Sa reizget Hindrik leafst 43 tsjerken reizget er bydel, om oeral noch ien kear lucht te blazen yn it fluitsje dat er altyd yn ’e bûse hat as dirigint. Hindrik hat yn 2006 in oprop dien oan sjongers om in fêst koar te foarmjen dat ek yn lytsere groepkes meiwurkje koe oan Frysktalige tsjerketsjinsten. Dat it Kwartettekoar oprjochte is om de gemeenten oan it sjongen te krijen, sil tige te merken wêze.

Hindrik van der Meer (1938) nimt ôfskie en it bestjoer stelde him foar noch in soarte fan ôfskiedstoernee te meitsjen lâns al dy tsjerken dy’t de ôfrûne 13 jier besite hân ha fan Hindrik en syn Kwartettekoar. De ôfskietsjinst(en) is tagelyk in appel oan tsjerklik Fryslân om de rykdom fan meartaligens te fieren op de sneintemoarn. Op 3 febrewaris sjongt it koar foar de earste keer út de lietenbondel Hertslach op ‘e Jouwer.

“Yn Hertslach sit de jubel fan it libben yn, mar ek de oantrún om it fol te hâlden”, sa skriuwt Eppie Dam. Hij is ien fan de Fryske dichters dy meiwurke hat oan de bondel. Ek wurdt oandacht jûn oan lieten út Taizé en Iona en wurde der bernelieten songen. Yn de ôfskietsjinst sit gjin preek, mar diz’kear sit de preek yn it sjongen fan de lieten. “As d’r in methode socht wurd om literatuer, musyk, keunst en kultuer bij de minsken te bringen, dan is dat de methode Hindrik. Sa beskriuwt Gerben Gerbrandy as âld foarsitter fan it Auke Roukes kroechkoar, Hindrik syn rol bij dit koar. “Lit dyn eigen taal net swije, eltse taal kin sprekken lije!” is it motto fan Hindrik.

Hindrik nimt op 3 febrewaris om 9.30 oere ôfskie fan ‘e Jouwer yn in mienskippelike tsjinst yn de Oerdracht yn gearwurking mei de Jouster Doopsgezinde Gemeente.