Lek- en brek-sit Jousterdammers

DE JOUWER - Yn de tredde omloop fan it SWH-dambûn kaam Nijemardum te damjen yn’t Syl op’e Jouwer. Dat sy in sterke klup binne, wie bekend en der waard op’e Jouwer net fan thúswinst útgien.

Om kampioen te wurden yn de heechtste groep hat De Jouwer in te lytse groep: acht spilers moatte besykje de eare heech te hâlden en dat slagge dizze kear net troch allehanne lek en brek. Lykwols, sa mâl as de optater dy’t May yn Londen krige gie it net op’e Jouwer: de brek-sit foar de thúsdammers wie der wol. Bonne Post kaam, seach en wûn net.

Ien fan de sterkere dammers fan Nijemardum, Igge van der Veer, siet oan boerd fjouwer en traktearre Bonne op in jûnstsje ‘gau thús’ en sa gie Bonne oer de knibbel. Oeds de Boer oan boerd acht koe it net bolwurkje tsjin U.Groen en doe wie’t al 0-4. Jelke de Jong drige yn’t einspul op de klippen te rinnen mar in misser fan S.Boersma en Jelke kaam droech-oer mei in 1-1. De Jouster eare rêden mei’t earste punt. Quido van Hazendonk kaam yn’t middenspul op skiifwinst en fersulvere dat mei twa boerdpunten: 3-5. Jan Kooistra hie’m sels tefreden steld mei in lykspul mar A.Batteram wegere yn earste ynstânsje. Jan moast troch mar pakte dochs wat hy ha woe: 1-1. Wiebren Couperus tsjin S.Altena: de Balkster stie ‘net minder’ mar begie yn in acht-om-acht-stân in misser en rekke op skiif-efterstân. Doe noch gjin man oer board. In twadde skiif ynleverje om troch te rinnen nei daam en in tredde skiif kwyt sûnder kompensaasje: de musyk der út en 2-0 ( 6-6 ). Henk Haagsma gie yn it lette einspul dochs noch ûnderút tsjin P. Akkerman en Atte Boek hie oan Jouster kant te min hout oer om der in punt oan oer te hâlden. De 6-10 stie fêst nei alle lek en brek en lange sit.

Wiebren Couperus