Trije Botsense Hoanne spilet: In gekkehûs yn ‘t sikehûs

HASKERHOARNE - It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak - fanwege in ferbouwing – wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok wêr’t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik en suster Riny moat har sjen te rêden mei in wat froulik oandwaande broeder Ernst–Paul en de sullige, âlde en trage suster Bep.

Ut need freget se de beide skjinmaksters, Janny en Ilona, har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen komt krekt fan de OK, Kuperus hat in bulte noaten op ‘e sang en frou Visser is wol leaf mar sa doof as in kwartel. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13 mar oft de pasjinten dêr no safolle better fan wurde?

Wa’t nijskjirrich wurden is nei dit sikehûs en de minsken dy’t dêr lizze of wurkje, kin komme te sjen op de toanieljûnen yn it Trefpunt yn Haskerhoarne. Op tongersdei 24 en freed 25 jannewaris sil tonielploech de Trije Botsense Hoanne dizze klucht, dy’t skreaun is troch Wilma Renes Leertouwer en yn it frysk oerset troch Gurbe Dijkstra, foar jim spylje. De rezjy is yn hannen fan Jenny van der Werf.

Kaarten binne te keap oan de seal. Bern o.e.m. 15 jier betelje € 3,50, foar grutten kostet in kaartsje € 7,50. De foarstelling begjint beide jûnen om 20.00 oere en fol is fol.