Jouster dammers dûke it nije jier yn

DE JOUWER - Ek yn 2019 libbet de Jousterdamklup noch en der waard wer omraak striden om de earste boerdpunten sûnder wearde want der is gjin winkel dy’t dy punten fersulverje wol.

Dus waard der striden om de eare: Quido van Hazendonk trof in lege stoel tsjinoer him en dat waard dus wachtsjen op Oeds de Boer. De Boer seach it net sitten en gean de doar út mei dit hûnewaar; hy bleau thús en der kaam gjin útslach te boek. Dan diene Jan Kooistra en Atte Boek it better: sy waarden net keard troch wyn en wetter ! In spannende pot damjen en in risseltaat dêr’t sy beide tefreden mei wiene: in hândruk en puntedieling wêrby sy it einspul lieten foar ‘it efkes trochspyljen’. De tredde pot gie tusken Wiebren Couperus en Henk Haagsma: it tal skiven bleau lyk oant let op de jûn. De wedstriidklok tikket wol troch; stikum efkes nei de klok sjen. Begjint der tiidsdruk te kommen? Der kaam wol oare druk: spanningsdruk want de mooglikheden waarden krapper en krapper. Noch foar de fjirtich setten waard it echt bûgen of barsten: Wiebren in skiif foar en Henks damhûs op ynstoarten. De striid wie dien foardat de klok troch de flage gie. De stân: Van Hazendonk op 16 punten, Couperus op 13, Haagsma 12, Kooistra en Boek beide 11. De Jong en De Boer slute de rige mar de kompetysje duorret oant ein maart en sels de middenmoaters hawwe al mear as de njoggen ferliespunten dy’t De Jong no hat.