Recensie | Hulten en Bulten by de Nijjiersrevu

DE JOUWER - It is alwer de 33ste kear dat der op ‘e Jouwer in Nijjiersrevu opfierd wurdt. Foar de premjêre wiene ôfrûne sneon sa’n 280 man nei it Haske kommen.

It tema is dit kear Hulten en Bulten. Dat is in breed begrip, wêr’t jo alle kanten mei út kinne. Jo kinne letterlik bulten ha, mar it kin ek mear figuerlik opfet wurde. De skriuwers en skriuwsters hawwe in hiel soad mooglikheden ferwurke yn sketskes en ferskes, dy’t elkoar moai ôfwikselje foar in goede balâns oer de hiele jûn. Ien fan dy skriuwers, Harmen Houtman, mei wol even apart neamd wurde. Hy hat al 30 jier foar de Revu skreaun en krige dêr in moai boeket blommen foar.

Oer it algemien wie de opbou fan de sketskes goed en grappich en waard der knap spile, al duorre it soms wat te lang foar in wat meagere klû. Oan de reaksjes út de seal wie te fernimmen dat bepaalde aktuele situaasjes goed útspile waarden. It wurdt altyd tige wurdearre as bekende (politike) figueren, wêr ’t der in pear fan yn de seal sieten, te kak set wurde. Dat regisseuse Anneke van den Akker sels gjin Jouster is, wie wolris in neidiel, mar net in probleem, die bliken.It wie al wol bekend dat der betûfte sjongers by de Revu sitte. Ek dizze kear waard der moai mearstimmich sjongd, al wie alles net altyd like goed te ferstean. Dat is spitich, want sa misse jo dochs wolris wat.

De muzikale begelieding is oars as de ôfrûne jierren. De mannen fan Straigt on Stage binne dermei opholden, mar 2 nije muzikanten stiene klear om it fan harren oer te nimmen. Sa is it groepke wer kompleet en mei har fjouweren kinne se it prima oan. Ek by de akteurs binne 2 nije leafhawwers oanskowd. Sa is der wer wat mear rûmte ûntstien, want dat der somtiden rap achter elkoar ferskillende rollen spile wurde moatte, is in feit. It is knap hoe’t se dat altyd wer foarelkoar krije.

Oer it dekor dêr’t yn spile waard, skildere troch Benno Pen, kin ik koart wêze. It seach der pachtich, mar foaral ek werkenber út. Elke Jouster wist fuortdalik wêr’t hy of sy wie. En dat is dochs ek de kracht fan de Nijjiersrevu. We wolle der allegear in bytsje byhearre, ús thús fiele, sjen en hearre litte dat we witte wat der spilet en wêr’t it oer giet. Yn it slotferske is dêr handich op ynspile, mei de tekst op skermen te lêzen, sadat elkenien meisjonge kin hoe fijn it is om in Jouster te wêzen.

As jo der ek graach byhearre wolle, der binne noch kaarten foar freedtejûn en sneontemiddei, sjoch dêrfoar op http://www.revudejouwer.nl. It streven is om 999 besikers wolkom hjitte te kinnen, dus minsken, op nei it Haske.

Tekst: Klaasje de Lange