Dammen | Fan wanten witte

DE JOUWER - De Gideonsbende fan de Jouster damklup gie wer oan de slach. Dizze kear de ûnderlinge kompetysje.

Henk Haagsma mocht it opnimme tsjin Oeds de Boer. Foar Henk gjin poepetoer want Oeds sit noch yn de learfase en set dit noch net om yn punten op it skoareboerd. Henk hie it net dreech en mocht Oeds geandewei it spul noch wat wiis besykje te meitsjen yn it doalhôf dat yn dit gefal damboerd is. Henk de winst. Atte Boek tsjin Jan Kooistra: sa maklik as Henk it hie, sa dreech hiene dizze beide mannen it. It skoarend fermogen fan Jan en Atte is ûngefear itselde en dat waard dizze kear ek wiermakke. It einspul waard troch harren goed ynskatten: in hândruk en in 1-1 en dan trochspylje om dochs in oar sjen te litten dat it echt kamp wurde sillen hie. Quido van Hazendonk moast it opnimme tsjin Wiebren Couperus: faaks in dregere pot foar beide spilers. Meastentiids as it ta in beslissing komt, lûkt Quido oan it langste ein. Mar meastentiids komt it net ta in beslissing en einiget de pot damjen yn kamp. Sa ek dizze kear nei mear as trije oeren spyljen. Quido bliuwt koprinner mei 5-9.

Op 30 oktober komme de dammers út Koudum en omkriten it opnimmen tsjin De Jouwer yn it SWHbûn wêr’t Offenwier mei 5-11 ferlear fan Makkum.