Bekerstriid damjen De Jouwer: Súksesfol

DE JOUWER - En dat wie boppe ferwachting want op foarhân mochten de ferwachtings net te heech wêze as de striid tsjin in finalist fan ferline jier op’t programma stiet: Nijmardum – De Jouwer.

Dat is dan in striid fan twa fjouwertallen en sa’n damspultsje moat dan yn elk oardeloere út wêze. Dus de klok spilet wat mear mei as in ‘gewoane’ pot damjen. It begjin wie foar Niemardum: Henk Haagsma oan boerd trije, sette in trochgong nei de damline iepen. Hy miende der gjin gefaar yn te sjen.  J.v.d.Goot seach it better en traktearre Henk op in dam tsjin. Der wie fuortendaliks gjin salve oan te striken en Henk struts de flage: 2-0 foar de Nijemardumers.

De oare trije boerden: oan boerd ien gie Quido van Hazendonk de striid oan tsjin topper Weistra. It skivedoaske wie gau healfol en de partij duorre dan ek minder as de trije oeren dy’t beskikber wiene. Quido keas foar in wisse puntedieling mei it each op de twa oare partijen:

Wiebren Couperus krige de kâns op skiifwinst en like op partijwinst ôf te gean en Jan Kooistra stie ‘net minder’ as P.Akkerman fan Nijemardum. De 3-1 foar Nijemardum waard rjochtsetten want I.v.d.Veer hie dúdlik syn jûn net tsjin Couperus en gie finaal de mist yn: 3-3 mei winst oan it hegere boerd foar De Jouwer en dat soe úteinlik ek de trochslach jaan want Jan Kooistra moast tefreden wêze mei de 1-1 hoewol hy Akkerman hast troch de flage jage. Mei dizze 4-4 mei De Jouwer fjirder ‘bekerje’ mei in fjouwertal spilers! 

Verslag Wiebren Couperus