Dammers: in tsien foar de Jousters

De Jouwer - It SWHbûn lei ús op: gean nei Easthim foar de clubkompetysje. It risseltaat wie om nei hûs en de krante te skriuwen. Mei oare wurden: it mocht der wêze. Sân man yn de striid oan wjerskanten fan sân boerden.

Earste pankoeken binne foar de bern: oan Jouster kant krige Klaas Feenstra les fan Tseard Wybrandi. Thús kriget Klaas twa skiven foar – as begjinnend lid – mar no moast hy fuortendaliks mei elk 20 skiven los. Syn buorman oan it neistlizzend boerd meldde: nei heroyske striid moast Klaas belies jaan = 2-0 foar Easthim.

Koart dêrnei skoarden Atte Boek tsjin S. de Witte en Bonne Post tsjin A.Bootsma beide in ‘kamp’. Mei 4-2 wie de efterstân noch net fuortpoetst. Dat feroare lykwols as in tongerslach by heldere himel want èn Jelke de Jong tsjin J. Osinga èn Henk Haagsma tsjin Hinne Osinga èn Wiebren Couperus tsjin A.Koopmans lutsen al of net mei in bytsje lok alle trije oan it langste ein en sa stie samar 4-8 op it skoareboerd. Jelke hie in hiel skoft al in skiif mear en krige in maklike kâns om dam te meitsjen.

Henk stie ek lange tiid better en striek wolfertsjinne beide punten op; Wiebren koe op maklike wize dam meitsje nei in ‘efterkrûper’ fan de tsjinpartij. Doe siet Quido van Hazendonk noch tsjin J.Oosterbaan. Der drige winst foar Easthim nei hast fjouwer oeren damjen: nei in goede pot damjen folge as lêste set in misgreep fan Oosterbaan en mocht Quido de hannen tichtknipe: 1-1.

Einútslach 5-9 dy’t omset waard yn 6-10 troch ‘omstannichheden’.

Verslag Wiebren Couperus