Recensie | ‘Binne jim no in Fryske krite of net?’

JOURE - De Fryske Krite Joure heeft zaterdag voert bij de start van het nieuwe seizoen de voorstelling Fjochtsje om Leafde opgevoerd.

Bij de première in partycentrum ’t Haske in Joure waren 115 bezoekers aanwezig.

Sieger Bijsterveld schreef een recensie. Hieronder zijn tekst.

In komeedzje fan Josiana Balasko, út it Nederlânsk (Vallende Sterren, Shireen Strooker) oerset yn it Frysk troch Gurbe Dijkstra.

Regisseur en spilers ha harren mei dit stik wol wat op ‘e hals helle. Der binne twa mooglikheden: of it wurdt in súkses, of it wurdt in melodramatyske draak mei in protte hakketakjen.

‘Un grand cri d’amour’, de oarspronklike titel, is sawol in film as in toanielstik. Yn it Nederlânsk waard de titel Vallende Sterren. Gurbe Dijkstra keas net foar de letterlike oersetting, mar foar it neffens my folle bettere ‘Fjochtsje om Leafde’.

It útgongspunt is net bysûnder orizjineel: de haadrolspilers binne skieden en moatte - nei jierren - wer gearwurkje. In gegeven dat bekend foarkomt . De útwurking lykwols is sa goed, dat it doch wat ôfkôge tema prima te fernearen is en mear as dat.

Spanningen, hilaryske mominten, falske yntriizjes en it weromfinen fan wat wie, binne de yngrediïnten dêr’t it om draait. Te ferwachtsjen. De sterke kant fan it stik foarmje de dialogen tusken de twa eksen. Se binne skerp en ferrassend. It is oan spilers en regisseur om de tekst ynhâld te jaan en oer te bringen op it publyk. Slagge? Oardiel sels. Dizze prachtige foarstelling meie jim net misse.

Sietske Heeg (soms in bytsje te oerhearskjend?) en Nico de Lange, twa betûfte toanielspilers - en dêrmei in goede kar foar de besetting - witte wat se dogge en sille sûnder mis troch de regisseur, dy’t as oersetter de tekst troch en troch kent, goed begelaat wêze.

Nei in miskien dochs wol wat betiizjende dialooch wurdt rillegau dúdlik wat der oan ‘e hân is en it kin hast net oars of elke taskôger wurdt dan meinommen mei wat him op it toaniel ôfspilet. De wanhoop dy’t de regisseur, Mike Platte, sa no en dan útstrielet is meifielber, mar hy is net altyd like oertsjûgjend.

De produksjeliedster, Petra Bernardus, in slimme dame, dy’t mei list en bedroch de beide haadrolspilers safier krijt dat se meiïnoar de planken op gean, wit har rol knap foar it fuotljocht te bringen.

De oergong fan twa minsken dy’t elkoar skynber haatsje nei twa minsken dy’t elkoar och sa leafha, is in bytsje abrupt, mar dat docht gjin ôfbreuk oan de kwaliteit fan it stik.

It dekor - tige ienfâldich - wurdt min of mear opboud yn de rin fan it stik troch Rene, de toanielfeint, spile troch Johan Platte.

Oan ‘e ein wurdt it toaniel omboud en it is mar de fraach oft elke taskôger daliks meikrijt, dat wat him dan ôfspilet, plakfynt efter it toaniel.

Ien, nee twa, krityske opmerkings. It wurdt hast in bytsje ientoanich, mar wer hat De Krite net keazen foar in oarspronklik Frysk stik. Binne jim no in Fryske krite of net? Sûnder it nochal regelmjittich oanroppen fan de hegere machten, hoe funksjoneel ek in dit stik, hie it gehiel net minder west.

By de premjêre wienen 115 besikers oanwêzich. It stik is noch te sjen op freed 22 novimber en sneon 23 novimber yn ’t Haske, oanfang 20.00 oere.

(Tekst Sieger Bijsterveld)