Damjen: neat om’e hakken

DE JOUWER- De winterkompetysje sjit moai op; dat liket miskien in bytsje nuever mar de clubkompetysjewedstriden binne op de fingers fan ien hân te tellen...

Earmoede is troef want as der mar fjouwer minsken sitte te damjen, kin de kachel der net fan en foar stookt wurde. Wy sieten noch net yn de echte kjeld mar mar fjouwer spilers:.... sa’n tal minsken hat neat om’e hakken. Wa binne dy fjouwer trochsetters?

Twa by twa sieten Atte Boek en Klaas feenstra te damjen neist Henk Haagsma tsjin Wiebren Couperus. Atte moast Klaas, as begjinnend dammer, twa stiennen kado dwaan. Dy twa waarden al gau werombrocht nei ien. In bysûndere stân ûntstie mei folop kânsen foar Klaas om wer op twa-plus skiven te kommen mar hy moast earst learjild betelje en it einspul wie dúdlik foar Atte en sa ek de twa punten.

Henk tsjin Wiebren: in partij mei mear lykwicht mar wol licht tempo foardiel foar Henk en dat foardiel bleau hiellang bestean. It einspul wie wer mear yn balâns en de fiif-tsjin-fiif soe sûnder mis op in puntedieling útdraaie. Beide spilers seagen dat wol sitten. Wiebren miende sels der in streekrjocht ‘kamp’ fan meitsje te kinnen en bea oan dat ek sjen te litten; de hândruk foar de 1-1 bleau noch efkes út.

Hy wie fjouwer setten fierder en kaam doe ta syn grutte skrik ta de konklúzje dat hy ien skiif net op it goede plak stean hie en de hiele boel ferskiten hie... Sa krige Henk nei 25 jier syn earste winst tsjin Wiebren yn de boeken. 

Op 25 novimber stiet de striid tsjin en yn Easthim op de wurklist

Verslag Wiebren Couperus