Dammers De Jouwer wer aktyf

DE JOUWER - Nei fjouwer wiken sûnder damjen waard der wer in foarsichtich begjin makke mei de ûnderlinge kompetysje.

Der sille wol mear Jousters wêze dy’t in stikje mist hawwe of noch misse mar dat slacht dan net op damwedstriden want dy wiene der net op’e Jouwer. Dus nijs fan dizze wike: Jan Kooistra mocht tsjin Quido van Hazendonk en dat levere gjin ferrasking op of it moast wêze dat Jan in twa-om-twa tastie en doe hie Quido in dam op it boerd stean. Jan koe efkes it tij keare mar noch binnen it earste oere fan de pot damjen, stie Jan mei lege hannen.

Wiebren Couperus moast de striid tsjin Atte Boek oangean. It tempo lei leech mei 30 setten yn in oere. Elk sa rûchwei de helte fan it tal skiven op it boerd en de oare helte al yn it doaske mar de tiid op de klok skeat it meast op foar Wiebren. Tiidsdruk of net: hy koe it net neilitte en nim in dam dy’t him twa skiven koste.

Fjouwer stikken tsjinoer Atte noch seis: winst siet der foar Wiebren net mear yn en sa dielden hja de twa wedstriidpunten sûnder yn tiidneed te kommen.

Der sil wer damme wurde(n wêze ) op moandei 14 oktober mar dan hat de koprinner frij-ôf: kâns foar alle oaren om yn te rinnen op Quido v. H.

Verslag Wiebren Couperus