Burgemeester leest peuters Tomke voor

De Fryske Marren - Foarlêzers op ’en paad mei 18.500 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike.

Goed 600 foarlêzers sille fan 3 o/m 7 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Belibje it mei Tomke’ oer de sintugen. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike

Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike. Boargemaster Fred Veenstra sil foarlêze op freed 7 juny om 10.00 oere yn pjutteboartersplak de Peuterhof yn Bakhuzen.

Doel

Doel fan it gearwurkingsprojekt is om jierliks yn de Fryske Foarlêswike foar te lêzen oan pjutten (2-4 jier) op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders yn Fryslân om sa it aktyf brûken fan de Fryske taal te befoarderjen en it lêzen en foarlêzen yn de Fryske taal te stimulearjen. Der wurdt ek foarlêzen yn oare talen lykas: it Stellingwarfs, it Bildts, it Kloasters en it Hylpers.

Tomkeboekjes

De Tomke-wurkgroep stimulearret it lêzen en foarlêzen yn it Frysk oan pjutten en soarget derfoar dat der jierliks benei 30.000 Tomke-boekjes printe wurde. Fia ús foarlêsprojekt krije sa’n 18.500 pjutten harren boekje mei nei hûs. Dêrneist is it boekje te krijen by konsultaasjeburo’s en biblioteken. De Tomke-aventoeren ferskine ek op ’e telefyzje.