Ingezonden | De flagge út?

Joure - It is wer safier: 15 april komt wer yn’t sicht. De datum fan de befrijing fan Fryslân yn 1945.

 

Dat der op dy dei doch noch minsken it libben lieten is treurich. Mar dat wy de flagge massaal útstutsen doe, bliuwt in feit. Dêrom no ek de flagge út? Ja, tinkt my, yn neitins oan dat befrijende barren. Dogge jo mei?

 

Tine Oosterbaan