Jouster damklup: simmerskoft!

De Jouwer - De lêste spuljûn waard ôfsletten mei fluchdamjen mar foardat it safier wie, moast der praten wurde oer de 90-jierrige jierdei: der moat wat fierd wurde op 11-11-2019.

Lykas by damproblemen kaam ek no in oplossing hoe-te-hanneljen dan en wat-te-regeljen. Fluchdamjen koe yn ien groep mei in ferhege tempo: elk sân minuten op’e klok…dat seis kear bringt ús 84 minuten fierder want der kamen 7 man opsetten. Nei dy oardeloere, mei as lêste potsje Couperus-Van Hazendonk op tafel, kaam nei dy kamp-pot Quido van Hazendonk as winner fan de fluchdamkompetysje mei 6-11; Couperus helle 10 punten. Bonne Post kreas tredde mei 7 pt. Dernei Jan Kooistra, Henk Haagsma, Atte Boek en Jelke de Jong. De priis wie foar allegearre itselde: in lekker stik fleis mar it moast nochwol bret wurde om it noch lekkerder te meitsjen. Ek de priis foar ‘heechst einige yn it SWH-bun’ wie foar Quido van Hazendonk en sels it earste plak yn de ûnderlinge kompetysje wie foar him. Hie hy dan hielendal gjin gjin tsjinstân? Jawiswol mar net ien koe fan him winne of it hie wol kind mar dan waard winst der net úthelle. It lok is mei de winner.. It mei dan simmerskoft wêze mar it is barre winter wat it tal klupleden oanbelanget: pompe of fersûpe en dat pompen moat mei seis man! Hâld dan it skip mar boppe wetter! In poepetoer mar wy driuwe noch… ‘Jimme moatte wol trochgean’ wurdt der bemoedigjend sein.. ‘Help dan mei’ is de needkreet. ‘Nee, ik doch leaver wat oars’… Echt bemoedigjend!! Mar dochs it is simmer en leechwetter. Twa foardielen mar wy moatte wol witte dat it ek wer winter wurde sil en om dan mei seis man de kompetysje draaiende te hâlden… In S.O.S. moat de loft danwol de krante yn: wa helpt de Jouster damklup de kommende tsien jier mei draaiende? Dan kinne wy dêrnei fiere dat de klup ek de 100 helle hat!

Wiebren Couperus