Damboerd foar Sinteklaasjûn

DE JOUWER

Twa dagen foar de jierdei fan ‘Klaas’ moast der noch damme wurde. ‘Heerlijk avondje’ dus yn’t Syl.

Kadootsjes wiene der ek noch: Oeds de Boer moast de striid oangean tsjin Henk Haagsma. It mâle fan in kadootsje is dat men dat soms wegerje moat; sa ek Henk dizze jûn. Oeds wie goederjousk en bea in pear kear in skiif oan as kadootsje mar Henk pakte it net út om salang mooglik de spanning der in bytsje yn te hâlden. Oan de ein fn de fûke fangt men en fisk en sa die ek Henk; hy wint.

Dan Quido van Hazendonk tsjin Jan Kooistra. Quido krige, nee, hy krige neat mar makke wol in daam en der stiene twa skiven fan Jan tsjinoer. In lange drege striid fan beide kanten. De daam moast op’e flecht - en dat wie in lange flecht fan wol tsjien setten – om út de ‘klauwen’ fan Jan te bliuwen. Lang om let moast Jan stikje by bytsje terrein priis jaan en sa gie Quido der dochs wer mei de winst fantroch. Atte Boek tsjin Wiebren Couperus: healwei it spul begie Wiebren in blunder en Atte hie de winst pakke kind want in skiif mear en boppedat in daam hie it risseltaat wurde kind. Mar ek Atte begie in blunder: hy seach de kâns net. It einspul like ek op fleanen: Atte trije skiven tsjinier Wiebren fiif. Mar dy trije koene alle trije trochrinne nei daam: in lykspul lei klear mar Atte spile op de lette jûn noch foar Sinteklaas en liet alles út hannen glippe…