Folle bak by Jouster damklup

JOURE

Fansels hiene de noch mear by kind – romte genôch yn’ t Syl – mar dochs: sy hiene in folslein programma en dat waard ek ôfwurke.

De langste partij wat it tal setten oangie kaam op namme fan Oeds de Boer en Wiebren Couperus en it wie tagelyk de partij damjen dy’t earst út wie, In heech tempo neffens de oare spilers mar dy hiene it dan ek dreger. Nei mear as 60 setten wie de striid foarby en de winst foar Wiebren. Quido van Hazendonk tsjin Atte Boek: nei ferrin fan tiid kaam Quido in skiif yn’t foar. Atte ûnder druk: in skiif minder betsjut mear tiid nedich om wat goeds te betinken. In misser yn it einspul wie yn ien kear de beslissing: 2-0 foar Quido. Safier lieten de oare spilers it net komme: Jan Kooistra tsjin Henk Haagsma hiene beide in drege pot mar alles wie aardich yn balâns. Sy lieten it net oankomme op bûgen of barsten en in hândruk betsjutte 1-1. De earste helte fan de kompetysje sit der op foar de measte spilers: ien topper en ien suptopper; dan trije yn de middenmoat en twa dêr ûnder mar wol boppe de degradaasjestreep.