“Fêstrûn” troch Fryske Krite De Jouwer

De Jouwer

De Fryske Krite De Jouwer iepent it toanielseizoen mei in frysk premjêrestik: Fêstrûn.

Fêstrûn is skreaun troch Mary Bakker-Schoon en oerset troch Gurbe Dijkstra. Regisseur Sylvia Beintema hellet alles út de kast om de humor yn dizze komyske skriller ta syn rjocht komme te litten, mar sûnder dat dat ten koste giet fan de spanning.

Fjouwer freondinnen binne ûnderweis nei in jûntsje Chippendales en in lang wykein der achteroan. Se toere, mei in tas fol kofje en broadsjes, troch de Fryske bosken, oant se fêst komme te sitten op in drekkich boskpaad yn de buert fan Appelskea. Se klopje oan by in buorkerijke dat der wat ferlitten útsjocht.

Se tinke earst noch dat it in fakânsjehúske fan de ANWB is, mar der blykt in bargeboer te wenjen. At se freegje oft se de nacht oerbliuwe meie, stjoert de boer harren de neare nacht wer yn. Mar se litte it der net by sitte en de boer draait by. Hy sil yn de skuorre sliepe, dan kinne de froulju de keamer brûke om harren del te jaan. Yn harren nijsgjirrigens fine se in koffer ûnder it bêd mei in ynhâld om fan te grizen. Wat in gesellich wykein wurde soe, draait út op in nachtmerje! Mar froulju binne tûk…

It stik wurdt spile troch: Akke Knol, Bernard Atsma, Johan Platte, Mattie Bergsma, Nico de Lange, Sonja Leenstra en Sytske Heeg. De útfieringen binne op 10, 11, 16 of 17 novimber yn Party- en Zalencentrum It Haske op de Jouwer. Op de beide sneonen is der muzyk. Op 10 novimber spilet “Jawis” en de 17e sille “The Brothers” der in feestje fan meitsje. De jûnen begjinne om 20.00 oere en snein 11 novimber begjint it om 15.00 oere.

Kaarten: www.fryskekrite.nl