Damboerden de wylgen yn?

DE JOUWER

Hjerstfakânsje betsjut dat guon ergens oars binne en dus net efter it damboerd. In seal mei mear lege as folle stuollen. Romte oer foar mear klupleden/dammers. Wêr giet soks hinne? Earst op nei de jierdei: 11 novimber 89 jier en dus moat de klup de kop noch op syn minst in jier boppe wetter hâlde.

De folhâlders: Jelke de Jong tsjin Quido van Hazendonk. Jelke pakte goed út en bleau yn tal houten moai lyk mei Quido. Elk noch minder as tsien skiven. Soe der in ferrasking út komme? Mocht it der yn sitten hawwe, dan is it der net útkommen want Jelke kaam yn’t nau en moast belies jaan en Quido de winst. Winst: Atte Boek sei earlik dat hy yn syn pot damjen tsjin Wiebren Couperus út wie op in punt en dat slagge him nei in lange partij fan elk 65 setten ek noch sûnder dat hy yn de problemen west hat. Winst hat der fan beide kanten net yn sitten: pas nei mear as 30 setten kaam der romte op de efterline fan Attes helte fan it boerd. In einspul mei elk in daam wie folslein in lykspul. Mei mar aksje op twa boerden is it in súterich klupke yn de hjerstfakânsje. Op 30 oktober hoopje de dammers dochs mei acht man efter de boerden te ferskinen tsjin acht Koudumer klupleden.