Jouster Mearke oer de damklup

Hoe giet soks mei mearkes nei de Jouster Merke? Moai ferhaal mar it is fansels net wier…. Mar it is WOL wier: der wie ris in damklup Dy klup bloeide en groeide dat it in mirakel wie.

Doe kaam de oarloch en de klup moast har ferskûlje; de houtsjes yn it doaske en de boerden oan de kant setten. Der kaam wer frijheid: dat wurke as wetter op in droege grûn. De houtsjes kamen wer foar it ljocht en de boerden ferskynden wer op de tafels. De minsken spilen wer mei nocht en wille. Fjirtich en mear leden: wat mear leden, wat mear wille. Doe kaam de televysje: roet yn it iten! Leaver in jûn swijend efter de telefysje as in jûn damnocht.. It moat net mâlder, wurdt der dan tocht. Want dammers binne tinkers. No moatte jo net fuortendaliks tinke – útsein efter it damboerd – dat de tinkers der oer tinke om de handoek oer it damboerd te goaien. Mar mâl is it wol: op’e Jouwer binne gjin tinkers dy’t harren om it wolwêzen fan de Jouster damklup drokmeitsje, útsein dan it handsjefol hjoeddeiske leden.

De measten dêrfan binne ek noch ymport-Jousters of komme fan bûten De Jouwer… It mearke fan in bloeiende damklup is al foarby yn St. Jânsgea, te Follegea, yn De Broek, yn Balk, yn Himmelum en noch folle mear doarpen en sels de stêd Sleat hat gjin damklup mear. Hoe lang hâldt De Jouwer de kop boppe wetter? It antwurd is oan de Jousters mei-syn-allen: komme te pompen of … fersûpe litte. De wol aktive klupleden batsten der wer yn: Oeds de Boer tsjin Quido van Hazendonk. Oeds koe tsjin Quido gjin fûst meitsje, lit stean fan in klap útdiele. Wol kaam Oeds noch op daam mar tsjin de doe al besteande oermacht koe hy net op: 0-2. Jelke de Jong tsjin Jan Kooistra: in iepen pot damjen en der wyn koe der fan alle kanten trochwaaie. Dochs betarde it goed foar beide striders: de twa punten waarden ferdield. Dat risseltaat kaam der ek efter de partij Henk Haagsma – Wiebren Couperus: it duorre langer en der wiene minder gatten by licht foardiel foar Henk, krekt net genôch om foar de winst te gean.