Jouster damkompetysjebegjin is der

DE JOUWER

De ferwachte stoarmrin oan nije leden bleau in bytsje út en ek op de damboerden bleau stoarm út. Der waard wol mei skerp sketten want lykspullen wiene der net by de ôfrûne wike.

De earsten dy’t ta in beslissing kamen wiene Oeds de Boer en Jan Kooistra. Jan rekke in skiif yn’t foar en siet dus wat nofliker op’e stoel. Hy krige fan Oeds de kâns om troch te brekken nei de daamline en Jan twifele net; dat betsjutte it begjin fan de ein fan de pot damjen. Noch efkes sparteljen en Oeds mocht Jan lokwinskje mei de winst. Atte Boek tsjin Quido van Hazendonk: it kealle foar Atte trije kear swierder as in wike tebek. Tsjin Quido is dat gjin skande. Nei lyts twa oeren kaam der in ein oan Attes wrakseljen: Quido kaam op daam. Soks betsjut meastentiids dat de partij beslist is en sa ek hjir. Atte nul en Quido twa punten. Wiebren Couperus tsjin Jelke de Jong: Jelke miende yn’t nau sitten te kommen troch mooglike setten mar dat wiene eins ûnmooglike setten. Hy makke lykwols wol de bekende kat-yn’t-nau-sprong en stie in skiif efter. Doe waard it dreech damjen foar him. In mearslachsetsje en Wiebren stie foar de daamline. Tiid foar Jelke om de hân te jaan: 2-0 foar Wiebren. Juster wie der wer damjen en dus is it hast Jouster Merke en hat de klup frij fan damjen.