Dammen: Jouster jûntsje nei de simmerstop

DE JOUWER

Mei spanning waard wachte op – nee, noch gjin Sinteklaas - mar op in nij oanmeld-lid. Dy spanning bleau der yn, want sy kaam net. Ienichge kompensaasje wie der wol want: hoe lizze de kaarten der hinne ofwol hoe hinget de flage der by yn dit nije winterskoft?

In bysûndere partij: Atte Boek tsjin Oeds de Boer. Oeds die efkes in bytsje dom, mar dat komt ek yn de heechste kringen foar yn Nederlân; Atte woe der net syn foardiel mei dwaan want dan wie de pot damjen út foardat de stoel waarm wie. Nije kâns foar Oeds. De wûnders de wrâld noch net út: Oeds kaam Atte oer’t mad want hy rekke in skiif foar op Atte… De tredde kâns wie wer foar Atte: werom wrakselje en winne!

Oars gie it der om-en-ta by de partij fan Henk Haagsma tsjin Quido van Hazendonk. Hast in misser begean mar it net dwaan leveret wol spanning op mar gjin beslissing. Quido brocht Henk syn earste nederlaach ta yn oardel jier tiid mei in feninich slachje mei in neiklap: de daalder en de beide punten foar Quido.

Dan Jan Kooistra tsjin Wiebren Couperus: it tal houten bleau yn lykwicht mar de klok wie folslein yn ûnbalâns. Fan de elk oardel oere: Jan noch in oere te gean en Wiebren in oere ferbrûkt. Krekt foardat der fleanende tiidkrapte ûntstean soe, makke Jan fan de gelegenheid gebrûk om in puntedieling te dwaan. Wiebren koe neat oars as dit tankber oan te nimmen want dat besparre him in fleanende drokte om binne de tiid de fyftich setten te heljen.

No noch efkes ôfwachtsje hoefolle ljeppers en net-ljeppers der juster komme sille – of ûndertusken west hawwe - om te damjen yn’t Syl: de stoarmrin!