Damwinter is foarby op’e Jouwer

DE JOUWER

Nei de tige spannende striid tsjin en yn Koudum, wiene de dammers ta oan in rêstige jûn en dat waard ôfsletten mei fluchdamjen. Earst waard der noch sprutsen oer it kampioenskip en de konsekwinsjes dêrfan: ‘gewoan’ werom net de heechste groep en dat-wat-west-hat mei it SWHbûn moat yn it ferjitboek.

De klup mocht him ferbliidzje yn de oanwêzigens fan Ultsje Venema: werom foar de ôfslutende jûn 2017-2018. Ek wie Sietze de Jong werom sûnt wiken.’ Hoe komt it de kommende winter mei de daamklup’ is in oare fraach. In bytsje oare opset fan de kompetysje is in idee dat meijûn waard om yn septimber net fuotendaliks mei fragen konfrontearre te wurden. Boppedat hopet de klup yn ‘sûnens’ har ta te rieden op it 90-jierrich bestean: in kear allegearre dy’t de klup in waarm hert tadrage byelkoar yn’t Syl yn novimber 2019, is it doel.

De gewoante sûnder plicht is om, as lêste, de tsienminuten-de-man-potsjes te spyljen. Sa ek no, yn twa groepkes. As earste yn de iene groep kaam Sietze de Jong boppedriuwen mei Ultsje Venema as twadde en dan Atte Boek en Jelke de Jong. Yn de oare groep waard Quido van Hazendonk earste, Wiebren Couperus twadde, Henk Haagsma en Bonne Post eks-ekwo tredde en Jan Kooistra sleat dizze rige.