Recensie | De Krite spilet ienakters

DE JOUWER

Koarte ferhalen en ienakters, je moatte derfan hâlde. De ien fynt it ferfelend dat it al wer ôfrûn is as it ferhaal just begjint te pakken, foar de oar is de koarte spanningsbôge no krekt oantreklik.

De leafhawwer fan it lêste kin by De Krite oan syn/har trekken komme. Op sneon 10 maart wie de premjêre fan it maart-toaniel. Der waarden trije ienakters foar it fuotljocht brocht. De regisseuses, Jelmar Hoekstra en Liesbeth Welling, ha keazen foar stikken dy’t alle trije op in camping spylje en ha der in moai gehiel fan makke. Wa’t de fakânsjekribels al wer opkommen fielt, krijt in aardich foarpriuwke: it dekor – komplimint oan de bouwers – is ien en al simmer en sinneskyn. Praktysk is it sûnder mis om foar ienselde lokaasje te kiezen: de omskeakeling fan it iene nei it oare stik ferrint soepel. Twa fan de trije ienakters binne oarspronklik Frysk: ‘It iten is klear’ fan Ytsje Hettinga en ‘Robert F. Kennedy is fermoarde en myn soan teelt wiet efter de seedyk fan Paezens’ fan Karin Idzenga. ‘It Priisknyn’ fan Dick Maasland is út it Hollânsk oerset troch Gerda van der Wijk. Foar alle trije de stikken jildt dat de klû net it sterkste part fan it ferhaal is. De lange titel fan de ienakter fan Karin Idzenga belooft hiel wat en dat komt der miskien ek wol út, mar it ynsjoch komt by Johan Zijlstra – net syn skuld! – wol hiel abrupt. ‘It iten is klear’ is eins ien lange monolooch fan Janke, fermaaklik en leauwurdich spile troch Baukje Hofma. Se wit de spanning fêst te hâlden. Knap! Jack (Sybe Huitema), mei wa’t Janke better yn ‘e kunde komme wol , docht mar hiel koart mei. Krekt lang genôch foar de ‘happy’ ein. ‘It Priisknyn’ is in klucht sûnder ynhâld – dat mei fansels ek by in klucht. De rezjy lit dit stik, troch de skriuwer situearre yn in húskeamer, spylje op de camping en mei in pear lytse oanpassings kin dat probleemleas. De útfiering is yn oerienstimming mei wat bedoeld wêze sil: luchtich en kluchtich. No en dan miskien in bytsje ‘te drok’? Op humoristyske wize wurde we meinommen yn de swierrichheden dy’t ûntstean troch Karolus, it knyn dat in priis wûn hat. De seis spilers meitsje der in hiel spektakel fan. In sterk optreden hjirby is weilein foar Jeanetta Zijlstra. Sy set yn it Stellingwerfsk (yn ‘e oersetting fan Harmen Houtman) in prachtich typke del. Leafhawwer fan ienakters of net, wa’t de muoite nimt om nei dizze foarstelling fan De Krite te kommen, kin fersekere wêze fan in bysûnder plezierige jûn. Jim kinne noch terjochte yn ’t Haske op freed 16 en sneon 17 maart om 20.00 oere. It tal besikers by de premjêre foel wat ôf. Spitich foar De Krite, mar perfoarst ek foar de thúsbliuwers. Sieger Bijsterveld

Auteur

Brenda van Olphen