Rangoarde Jousterdamklup: werom sa’t earder wie

DE JOUWER

De winter is foarby en de damklupkompetysje sit der dan ek hast op: it siket om’t lêst wat de underlingekompetysjewedstriden oanbelanget.

It kampioenskip wie al sa goed as beslikke mar no hielendal want de topper – foar safier dat noch in topper neamd wurde mocht – Couperus tsjin Van Hazendonk enige nei in hiel flotte iepening en in dreger en stadiger middenspul en in noch stadiger einspul yn in kamprit, as wy der in bytsje iisnocht by belûke meie. Sadwaande stiet Van Hazendonk no op 13-21 en kin dit winterskoft net mear ynhelle wurde mei noch ien wedstriid te gean foar him want Couperus stiet hast efter de kime mei 12-15 en hy moat noch twa kear yn’t spier. Henk Haagsma tsjin Bonne Post: beide spylje in heale kompetysje en winne is dan fuotendaliks in dûbelslach. Bonne krige in saneamde ‘hielslag’ - of moat it in gehakslach neamd wurde? – om de earen. Henk in skiif foar en dat makke fan de houten fan Bonne branhout, gehak yn’t einspul. Soks past wol by in slachter mar dan mear om te ferkeapjen… Henk stiet no op 7-10 en Bonne einiget op 9-8. Sietze de Jong stiet der noch tuskenyn mei 8-9. Atte Boek ( 14-12 ) en Jan Kooistra ( 13-11) dogge net folle foar elkoar ûnder. Jelke de Jong (11-9) kin noch wat punten sprokkelje mar heechút seis punten. Oeds de Boer slút de rige of wy moatte Albert Westra noch neame wolle: mei 8-13 goaide hy hege eagen foar it kampioenskip mar syn súnens gie foar en Albert heakke ôf, spitigernoch.


Auteur

Redacteur