Fryske Krite De Jouwer spilet Op ‘e camping

DE JOUWER

Fryske Krite De Jouwer hat foar maart in “oars as oars” jûn op it program, in jûn mei trije ienakters, dy’t de titel ‘Op ‘e camping’ krigen hat. Trije stikken op ien en itselde plak, nammentlik op in camping.

Op in camping treffe jo elkoar, nije minsken, bekende minsken of miskien wol minsken dy't jo eins hielendal net treffe wolle. Yn 'It iten is klear' wachtet in frou op har nije freon dy't se fia in datingbureau moete hat en eins wol better kennen leare wol. Oft it har slagget om de deistige beslommeringen los te litten en har ûnsekerheden te oerwinnen foardat de nije freon komt? Libje mei har mei yn it stik dat Ytsje Hettinga skreaun hat, It iten is klear.

Yn it 'Priisknyn' binne Anton en Terry op fakânsje yn harren caravan op in moaie lytse bourkerij camping. It knyn fan Terry's broer hawwe se meinaam, want der wie noch wol in plakje foar him op de buorkerij-camping. Terry hat in ferrassing foar Anton yn petto, mar as broerleaf Harry dan delkomt op de camping mei ge-wel-dich nijs oer it knyn Karolus, binne de rapen gear! Hielendal wannear't Omrop Fryslân ek beslút om del te kommen... as dat mar goed ôfrint! In stik fan Dick van Maasland, yn it frysk oerset troch Gerda van der Wijk.

Ek Durk en Antsje sitte tegearre op de camping, yn it jier 1968, sy binne nammentlik de earste minsken dy't in tinte hiere op in camping. Soks mei yn de krante fansels, mei foto! Durk is der allinne net alhiel gerêst op dat er mei Antsje op de camping sit, it binne roerige tiden en wa kinne jo hjoed-de-dei yn de sechtiger jierren noch betrouwe?

Âld nijs dy't de takomst feroarje sil yn it stik fan Karin Idzenga, 'Robert F Kennedy is fermoarde en myn soan teelt wiet achter de seedyk by Peazens'. De rezjy fan de stikken is yn hannen fan Jelmar Hoekstra en Liesbeth Welling. Jo kinne ‘Op ‘e camping’ sjen yn Party- en Zalencentrum ’t Haske. De premjêre is sneon 10 maart, snein de 11e is de middeisfoarstelling en as jo wolle kinne jo dêrnei mei nei Eet & Café het Tolhuis foar in lekker miel, ek wol ‘Ite mei de Krite’ neamd. De oare twa toanieljûnen binne op freed 16 en sneon 17 maart. As jo kaarten bestelle wolle, kin dat fia www.fryskekrite.nl.


Auteur

Redacteur