Damjen as wintersport by winterwaar

DE JOUWER

Bûten is it min 5 graden Celcius en dan is binnen sitten gjin straf. De dammers hiene der in kâlde noas foar oer hân om efter it boerd yn’t Syl te kommen. Mar de ein fan de kompetysje hinget yn’e loft.

Atte Boek hat de eare om as earste oer de streep te kommen. Hy mocht it tsjin Oeds de Boer opnimme en Atte makke der gjin heal wurk fan en koe sa syn einrisseltaat delsette: 14-12 nei diize winst. Jelke de Jong moast it opnimme tsjin Quido van Hazendonk mar Quido hie keazen foar snie en skilatten yn plak fan damhoutsjes: it bleau dus 0-0. Wat net 0-0 bleau mar wol in lykspul waard: Wiebren Couperus tsjin Henk Haagsma. In lange pot damjen nei in sprint fan 20 setten yn amper tiid. It einspul fan 8-om-8 en letter elk noch seis levere dochs noch wat spanning en tinkwurk op. Henk koe gjin lykspul forseare en Wiebren koe gjin winst ôftwinge. Hoe fierder dan? Gjin oplossing om der út te kommen troch fierder te skouwen. Ien oplossing: in hândruk en 1-1. Henk bliuwt moai op dreef: noch gjin ferliespartij dizze winter, sels net foar it SWHbûn, mar hy spilet in heale kompetysje en sil dêrom gjin kampioen wurde kinne dit winterskoft.


Auteur

Redacteur