Dammen | Damjen: De Boer mei in twaling

DE JOUWER

De striid op it damboerd tsjin Warns: de Jouster ploech hat in stel goede mannendammers misse moatten yn de ôfrûne tiid.

Wy neame: Germ en Herman damje nea wer. Albert en Ultsje sjogge fan de sydline ta. Sietze moast dizze kear ferstek gean litte. Wat bliuwt der oer en wat wie it risseltaat tsjin Warns? Ta ferwûndering fan Jan en alleman: De ko fan de boer kealle en…. it is in twaling! Kontrôle-organisaasjes kinne der neat ûnreglemintêrs oan fine!! Oeds de Boer tsjin J.Venema: twa lichtgewicht dammers dy’t der gjin swiere pot fan meitsje. Dat De Boer ek noch in twaling fong, moat yn de krante! Twa punten foar De Boer en foar De Jouwer: in begjin mei in boppeslach! Dizze prachtige en netferwachte útslach waard weipoetst troch Jelke de Jong want hy levere twa punten yn tsjin J.Folkertsma… Jan Kooistra, tsjin J.Valk, koe de balâns net yn Jouster foardiel trochslaan litte: kamp en 3-3. Ek Atte Boek tsjin H.Venema kaam as 1-1 op it skoareboerd. Bonne Post tsjin W.Bruinsma: Bonne mocht beide hannen tichtknipe mei de 1-1 want healwei like it mâl foar Bonne. Wiebren Couperus tsjin J.Bergsma: in protte romte en gjin bûgen of barsten op’t fjild: 1-1 en sa 6-6. Quido van Hazendonk liet lang-om-let winst en op’e nij syn damkwaliteiten oantekenje: 8-6. Doe siet âld-Warnser Henk Haagsma noch te striden tsjin J.Westhof en Henk hie it dreech mar kaam goed fuort yn’t einspul. Jousterwinst: 9-7 en sa is promoasje feilich steld! Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen