Recensie | De Sekte fan Swami

JOURE

De toanieljûn fan toanielferiening “Eigen Folk” ôfrûne sneon jûn wie wer in grut sukses, yn de grutte seal fan de bowling siet in moai protte folk.

De spilers setten it stik “De sekte fan Swami” geweldich moai op de planken! Twa kameraden Willem (Remko Ploegstra) en Theo (Wigle van der Veen) wolle har oanslute by de sekte fan Swami. It hingjen oan de taap bij Skillige Sjoerd binne se wol in bytsje sêd. Vooral de frije seks sprekt hun wol oan! De folgelingen Vida en Diva (Annemieke Poiesz en Sjoerdje Miedema) die in bytsje de lieding ha, falle wot tsjin bij de jongens. Dan de oare folgelingen: Trudy (Gea Miedema) in rêstig, alles oersjend sektelid. En Mieke (Jose van Zutphen), in bytsje neurotysk sektelid. En dan komt der ek nog in gangster/maffia eftich type Rooijakkers is de namme, Rooijakkers!! (Heiko Sterenborg). Theo en Willem binne der mei oan, gjin frije seks! Dit liedt ta hilaryske tafrielen, hielendal as Theo de lieder fan dizze sekte: Swami Sri Ramshni (Jaap Jager) opsiket in sin keamer. Swami Sri Ramshni liket op de visboer fan de freeds merke. Verrek it is him! Hy handeld no yn drugs! Theo nimt de rol fan lieder oer, sektelid Mieke is “ hielendal yn Theo”. Hij is har grutte voorbeeld. Syn filosofie: je wurre benne en gjin dea en der tusken in rommelje mar wot oan, liket har wol wat. Johan Platte hie de regy, ynstekster wie Dora Damhuis, grime fersoarge Akke Knol, ljocht/lûd: Eelco de Hoog. De prachtige prizen wiene beskikber steld troch ús sponsoaren. Der waard noch in skoft gesellich neisitten. Dûnse koe der wurde op de muzyk fan duo Murk Aukema. Tekst: Marthilda Nijholt

Auteur

Brenda van Olphen