De Lytse Mienskip spilet In gekkehûs yn it sikehûs

OUWSTERHAULE

De Lytse Mienskip spilet freed en sneon 16 en 17 februaris in klucht yn trije bedriuwen; In gekkehûs yn it sikehûs.

It is in klucht fan Wilma Renes Leertouwer, oersetten troch Gurbe Dijkstra. De rezjy is yn hannen fan Liset Hulzinga. In gekkehûs yn it sikehûs is te sjen yn it doarpshûs De Hichte in Ousterhaule om 20.00.

It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak, fanwege in ferbouwing, wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok wêr 't gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik en suster Riny (Nynke de Haan) moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder Ernst Paul (Willem Ringnalda) en de sullige, âlde en trage suster Bep (Christien Snijder) . Ut need freget se de beide skjinmaksters, Janny (Petra Heida) en Ilona (Berber van der Wal) har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen (Remco Akkerman) krekt fan de OK, is gjin drege pasjint. Kuperus (Auke Jan Snijder) is dêrfoaroer in pasjint dy 't in bulte noaten op 'e sang hat. Frou Visser (Aafina Postma) is leaf, mar se is sa doof as in kwartel. En dat is net altyd even maklik. Gelokkich docht dokter Bouwer (Jelmer de Haan) mei regelmaat in rûntsje oer seal 13. Mar oft dat goed foar de pasjinten is.


Auteur

Redacteur