Recensie | Westermar toaniel spilet ‘It lit de pastoar kâld’

DE JOUWER

Buertferiening Westermar spile op 2 en 3 febrewaris ‘It lit de pastoar kâld’ fan Edward Batiaansen. Foar it Frysk oerset troch Abele Krist.

As de gerdinen iepen gean sitte we by in tsjerketsjinst sa liket it. Paul IJsselmuiden en syn meiwurkers hawwe der in prachtich dekor del setten. De heechmis wurd lieden troch pastoar Bonte, in rol fan Harm Jan Muurling. It moat sein wurde, hy kin sa foargean yn de katholike tsjerke. Neist it publyk binne suster Caroline en koster Kees.oanwêzich. Suster Caroline (Gelbrich Kuiper) set dizze rol mei passy del, Gelbrich liket har karriêre misrûn te wezen. Rinke Koopmans spilet mei syn lange burd de rol fan koster Kees tige goed. De parochy sit yn swier waar. De grutste kostenpost is de rekken fan de pleatslike drankhandel! Pastoar Bonte hat dêrom de biskop en syn Afrikaanse sustergemeente Bouli-Bouli om stipe frege. De biskop stjoert syn sekretaresse juffrou Geurts om de sitewaasje te besjen. Dizze noartske frou sit de pastoar efter de fodden en as it oan har lei, waard de parochy fuortendalik opdûkt. Se rint as in majoar fan it leger mei grutte stappen oer it toaniel. Japke van der Meer wit oan dizze rol har eigen draai te jaan. Wilma fan Beek, de skjinmaskster, moat neat fan juffrou Geurts hawwe, se is bang dat se har baan kwytrekket. De rol fan Wilma wurdt tige oertsjûgjend spile troch Margaretha Braaksma. De hear Mayamba is ek by de tsjerketsjinst om de bijdrage fan de sustergemeente Bouli-Bouli te oerhandigjen. Dizze markante Afrikaan wurdt fansels spile troch Roel ten Hoeve. Hy wurdt begeliede troch de hear Broere, in skitterjende rol fan Hinke Kuiper.De grimeuses Anke Algra en Akke Knol ha der in protte wurk fan makke, it resultaat kin besjen lije! Dan is der in opmerklike bycht fan Jan fan Beek, de man fan Wilma. Jan fan Beek wurdt spile troch Michiel Klaver, dy’t my syn Liwwarder aksint in ekstra diminsje oan it stik jout. Michiel, dy’t foar it earst mei docht oan it Westermar toaniel is in echt oanwinst. Hy spilet tige ûnbefangen en naturel. Hy bycht by pastoar Bonte dat hy op mannen falt, mar dat is net it ienige feit. Hy is fereale op de pastoar sels. Pastoar Bonte, dy’t dôchs al in swak hert hat, falt foar dea del út de bycht stoel. De hear Mayamba ropt syn Afrikaanse geesten noch oan, mar it jout neat de pastoar bliuwt foar dea op it toaniel lizzen. Dan betinkt Wilma in rêdingsplan, want se wol har baantsje net kwyt. Der moat nammentlik in houliksmis pleatsfine. Mei help fan de koster, suster Caroline en Mayamba liedt “de kâlde pastoar” de houliksplechtigens. De lêbiche Ilse (Jannie Post) en Nanne de Jong as kliemske Tijs wurde op dizze wize yn it houlik ferbûn. Dan is der hieltiten in meiwurker fan rioeltsjinst, de hear Poepjes, hy siket ferstoppingen. Dizze rol wurdt ek oertsjûgend spile troch Hinke Kuiper. It blykt dat de hear Mayamba sûnder it sels te witten ‘boltsjes my drugs ynslokt’ hat en dy hat er by it poepen trochspielt. Krekt as alles op syn slimst liket, komt de pastoar yninen wer ta libben. In tige ferrassende draai is dat juffrou Geurts de subsydzje takend hat oan de parochy. Dan docht bliken werom, se is fereale wurden op de hear Mayamba en is alhiel feroare yn har dwaan en litten. De ‘boltsjes’ wurde ek fûn en ynlevere by de polysje en ek der kriget de parochy in beleaning foar. Sa komt alles ta in goed ein. In skitterjend toanielstik ûnder rezjy fan Sybren Sigtema mei help fan ynstekster Giny Kramer. De tige moaie lûd- en ljochteffekten moatte ek efkes neamt wurde. Verslag en foto: Piebe van den Berg

Auteur

Brenda van Olphen