Dammen | De wyn en ’t Syl

DE JOUWER

Mar krekt oan hokker kant jo sitte: de wyn mei of tsjin is altyd it gefal want de spilers sitte tsjinoerelkoar by damjen en de wyn waait mar fan ien kant tagelyk, as’t waait.

No waaide it lokkich net sa hurd yn’t Syl mar de dammers fan Jiskenhuzen hiene de wyn tsjin yn harren striid tsjin de Jouster dammers. It begjin wie lykwols hoopfol: de eare rêden fan beide kanten mei it lykspul fan Jelke de Jong tsjin J.Postma (1-1). Doe helle de wyn oan want Jan Kooistra reage H. de Bot fan’t boerd (3-1). Atte Boek tsjin K.Mulder: Atte hie al tydlik preauwn oan in skyfke-mear; levere dat wer yn mar greep op‘e nij nei de macht en foargoed. Dy 5-1 waard 7-1 trochdat Bonne Post it einspul fan fjouwer-tsjin-fjouwer kreas omsette yn Jouster winst. Sietze de Jong stelde Jouster winst feilich: H.Sybesma waard yn de hout-greep nommen en kaam dêr net út: 9-1. Henk Haagsma hie in soarte fan praatsessy tsjin-en-mei S.Aukema en dat levere Jiskenhuzen in twadde punt op: 10-2. Noch mear glâns oan de Jouster winst: Quido van Hazendonk kaam nei in drege pot damjen ta winst tsjin R.Oudega. Dy 12-2 waard 13-3 troch it lykspul fan Wiebren Couperus tsjin S.Romkes: beide hawwe net út balâns west en sa in terjochte lykspul foar beide mannen. De Jouster klup is in kandidaat foar in promoasjeplak wylst Jiskenhuzen noch kâns hat op hanthavenjen mar dan moatte sy fan èn Warns èn Wikel winne. In poepetoer?

Wiebren Couperus


Auteur

admin