Recensie | “Soest’ fiele wat ik fiel, dan piipest wol oars” yn Haskerhoarne

HASKERHOARNE

De beide toanieljûnen fan toanielferiening “De trije botsense hoanne” fan Haskerhoarne, ôfrûne tongersdei en freed, wiene wer in grut sukses. De spilers setten it stik “Soest’ fiele wat ik fiel, dan piipest wol oars” op de planken, in blijspul skreaun troch Evelien Evers, oersetten yn it Frysk troch Roel Klijnstra.

Joast de Vries (Fonger Altenburg) runt in garaazjebedriuw mei de wat synyske wurknimmer Hein (Joast Zonneveld) en soan Sibe (Alwin Hoekstra). Syn suster Dora (Betty Jonkman) en har dochter Lysbet (Nienke Minnesma) wenje tydlik by de famylje de Vries yn en ek de oanstellerige beppe (Ciska Nijholt)wennet yn itselde pand. De keamer is ek tagelyk kantoar en kantine, dus is it der in kommen en gean fan bewenners en persoaniel, mar ek ferstjintwurdiger Bart (Nico de Lange) en klant Betty Willemsen (Tineke Bos) binne der gauris te finen. Dit liedt ta hilaryske tafrielen, hielendal as Joast in nije froulike monteur (Janny Bakker) oannommen hat. Hein is dêr alhiel net oer te sprekken, mar Sibe en Bart just wol, dy sjogge har wol sitten! Mem Tine (Minke van der Veen) besiket der it bêste fan te meitsjen, mar dat falt net altiid ta!

As de jeugd de takomst hat, komt it by de “Trije botsense hoanne” wol goed. De twa jonge debutanten Janny Bakker en Alwin Hoekstra spilen treflik en Nienke Minnesma sette de rol fan Lysbet, dy’t in geastlike beperking hat, geweldich del, soms suver oandwaanlik om te sjen.

It dekor waard makke troch de fêste dekorbouploech. Jenny van der Werf hie de regy en fersoarge mei Cisca Nijholt de grime. Wouter Schaap en Germ van der Weg diene it ljocht/lûd en ynstekster wie Anneke Boersma.

Beide jûnen siet der in moai protte folk yn de seal; de tongersdeis waard der noch in skoft gesellich neisitten en de freeds koe der dûnse wurde op de muzyk fan “I.K.E.A”.

Ferslach: Anneke Bloemsma


Auteur

Redacteur