Westermar Toaniel spilet ‘It lit de pastoar kâld’

DE JOUWER

Westermar Toaniel spilet op 2 en 3 febrewaris yn Party en sealesintrum ’t Haske it toanielstik ‘It lit de pastoar kâld’. It is in kolderich gebed fan Edward Bastiaansen. De Fryske bewurking is fan Abele Krist.

Pastoar de Bonte hat de biskop en syn Afrikaanske sustergemeente om jildlike stipe frege, omdat syn parochy yn jild pine sit. Dit fanwege út`e hân rinnende kosten, wêrûnder bygelyks de rekken fan de pleatslike drankhannel. De taseine stipe pakt hielendal net út lykas de pastoar hope hie. Foardat hy it wit rinne der manlju mei pistoalen yn syn parochy, wurdt it rioel iepenbrutsen en besiket men him om te keapjen. Wannear hy dan ek noch ris de meast waansinnige ferhalen oanhearre moat yn de bychtstoel, wurdt it sels de meast betûfte pastoar wol ris tefolle. Mar in net goed funksjonearjende pastoar soe fansels hielendal de deastek foar de parochy wêze. Om har baantsje behâlde te kinnen betinkt skjinmakster Wilma in rêdingsplan, wêryn se ek koster Kees meisleept. Koart sein: in gebed fol kolder mei in ferrassende ein.....wêrby it hiele publyk as figurant meispilet.

Beide jûnen is der in lotterij mei moaie prizen en yn it skoft en nei ôfrin is der live muzyk fan Jawis. De foarstellingen begjinne om 20.00 oere. Kaarten kostje € 12,50 en binne te keap by Primera Joure, De Merk 3 op ‘e Jouwer.


Auteur

Redacteur