Damjen: de stilte foarby

DE JOUWER

Samar wie it stil en samar is de stilte foarby. It liket it waar wol. Wy hiene lykwols noch gjin waarmte rekôrd mar wol alle hens oan dek. Op ien nei: der waard in minuut stilte hoden fanwege it ferstjerren fan dammer Herman de Jong.

Dêrnei gie it damjen los. As earsten út: Quido van Hazendonk tsjin Oeds de Boer. Quido sloech foar master op en Oeds krige gjin poat oan’e grûn. Mar dochs tagelyk oer de streep. De oare dammers hiene it dreech: Bonne Post tsjin Atte Boek. Wat spûket der troch in oarmans holle of sjoch ik spûken? Mei noch elk seis houten op it boerd waard de frede tekene en fansels ‘’wol efkes trochspylje’’, sa’t it heart. Mar dochs in terjochte puntedieling. Jelke de Jong tsjin Henk Haagsma: wyt spilet en wint…. krekt net. Jelke hie de winst wol foar’t gripen. Seach it oer de kop. Henk letter in skiif mear sûnder it optemerken… ‘Dus’ dochs in terjochte 1-1. Sietze de Jong tsjin Wiebren Couperus: mei in liende bril gie Sietze de striid oan. Oan de bril lei it net: in tûke pot damjen mei tiidfoardiel foar Sietze. De ‘nije’ bril wie net geskikt om ek noch te skriuwen en dat skeelt tiid. It damjen kaam op heechspanning: bûge of barste waard mijt troch in hândruk. Hjir levere it trochspyljen nei de hândruk ek de yndruk dat der dochs in lykspul út de bus komme sild hie. Op 30 jannewaris: De Jouwer – Jiskenhuzen yn’t Syl.

Wiebren Couperus


Auteur

Redacteur